Doutzen Kroes seit 'ja'

Doutzen Kroes is troud mei DJ Sunnery James
Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is snein troud. Dat skriuwt De Telegraaf. Op in geheime lokaasje yn Amsterdam hat se it ja-wurd jûn oan DJ Sunnery James. It stel is no goed in jier bymekoar. Yn jannewaris ferwachtsje se harren earste berntsje.
De 25-jierrige Doutzen makke earder op twitter bekend dat it in jonkje wurdt. Oer it houlik hat se noch neat op twitter setten.