Friezen suksesfol op 10 km

Twa Friezen wiene snein suksesfol op de ôfslutende tsien kilometer foar de manlju. Bob de Jong wûn dy wedstriid op it NK ôfstannen yn 12.59.95. De Jong is sûnt dizze wike lid fan de BAM-ploech fan ploechlieder Jillert Anema. Hy sil yn de takomst ek maratons ride.
Twad waard Bob de Vries (13.08.13) fan De Haule en tred Jorrit Bergsma (13.11.54) fan Aldeboarn. Dizze beide riders komme ek út foar de BAM-ploech. Freed wûn De Vries goud op de 5 km en Bergsma brûns.