De Harmonie moat kommersjeler

De Harmonie yn Ljouwert moat dit jier alle risikofolle foarstellings ôfsizze. Ek moat it bestjoer fan de stedsskouboarch elk fearnsjier in finasjeel rapport opstelle. Mei dizze advizen komt wethâlder Diks.
De Harmonie hat dit jier in tekoart fan 1 miljoen euro. De direksje moat yn kaart bringe hokker programmearing de finansjele tekoarten weinimme kinne. Ek soe De Harmonie mear as kommersjeel bedriuw wurkje moatte.