Klachten oer wettersieders

07 nov 2010 - 16:29

Der komme de lêste wiken in soad klachten oer wettersieders en kofjesetapparaten. De apparaten meitsje knetterjende en fluitsjende lûden. Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân docht bliken dat de klachten ûntstiene nei't Vitens it wetter yn it westen fan Fryslân helderder makke. Neffens it wetterbedriuw kin dit wetter de klachten net feroarsaakje.

Omrop Fryslân ropt op om de klachten te melden op redaksje@omropfryslan.nl om te sjen hoe grut oft it probleem is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)