Van Lunzen wint Beareloop

Van Lunzen (argyffoto)
Hurdrinner Remon van Lunzen hat snein de maraton op Skylge, de Beareloop, op syn namme skreaun. Dat die de Ljouwerter yn in nij parkoersrekôr fan 2.27.19. It âlde rekôr út 1997 stie op namme fan Aart Stigter en wie 2.28.50.
De omstannichheden wiene prima op Skylge. It twadde diel fan de maraton hiene de rinners de wyn yn de rêch en it sân op it strân wie hurd.