Judoka De Jong wint NK

07 nov 2010 - 14:05

Judoka Wytze de Jong fan Dearsum is sneon yn Rotterdam kampioen wurden by it Nederlânske kampioenskip yn de klasse oant 66 kilogram.

De tweintich jierrige De Jong fan sportskoalle Akkermans út Wommels waard oertsjûgjend kampioen troch al syn partijen mei in ippon te winnen. In ippon is in fol punt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)