Man bedrige mei bierfleske

De plysje hat sneontenacht in man (20) út Frjentsjer oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan bedriging mei in bierfleske.
De man wie belutsen by rûzje yn in hoarekagelegenheid yn Berltsum. Befeiligers koene de rûzje delbêdzje. De Frjentsjerter hâlde in bierfleske yn de hân en bedrige in meiwurker (31) fan de befeiliging út Sint Anne. Om ûngelokken foar te kommen sloech er it fleske út hannen fan de Frjentsjerter. De plysje hat him meinaam.