Litouwers mei mes pakt

07 nov 2010 - 13:24

De plysje hat sneontejûn twa manlju (30 en 24) út Litouwen oanhâlden. De mannen sûnder fêst wenplak hiene in wapen by har. De mannen sieten yn in auto sûnder de ljochten oan op in parkearplak yn Tytsjerk. Ien belle de plysje. Dy trof de auto op de krusing fan de Rinia van Nautaweg mei de N361 oan en joech in stopteken.

By kontrôle fûn de plysje in mes en pepperspray. De mannen sitte op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)