Leenstra sulver op 1500 meter

07 nov 2010 - 13:10

Marrit Leenstra fan Wikel is snein twad wurden op de 1500 meter op it NK ôfstannen. Se kaam yn 1.57.39 oer de streek. It ferskil mei de winner Ireen Wüst wie 0.06. Laurine van Riessen pakte it tredde plak.

Marrit Leenstra hat in fantastysk kampioenskip riden. Sy waard earste op de 1000 meter en twadde op de 1500 en 3000 meter en tredde op de 500 meter. Takom wykein binne op Thialf de wrâldbeker wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)