Arjan Stroetinga wer de rapste

Arjan Stroetinga (foto: KNSB)
Arjan Stroetinga hat sneontejûn yn Utrecht de tredde wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. De Waskemarder wie yn de massasprint de rapste. Karlo Timmerman waard twadde, Cees Juffermans tredde. Bob de Vries, de winner fan de 5000 meter fan freed op it NK yn Thialf, waard fjirde. Jorrit Bergsma, brûns op dy 5 kilometer, waard sande.
Ferline wike wie Stroetinga ek al de rapste. Doe ried it maratonpeloton op it keunstiis fan Thialf.