Ferlies foar Harkemase Boys

06 nov 2010 - 16:41

Topklasser Harkemase Boys hat yn Zeeuws Vlaanderen mei 1-0 ferlern fan Hoek. Yn de earste helte wiene beide ploegen lykweardich.

Flak foar it skoft waard Mart Dijkstra fan Harkemase Boys fan it fjild stjoerd. Mei tsien man kamen de harrekiten yn de twadde helte ûnder druk te stean. Yn de 68ste minút makke Patinama de winnende treffer foar Hoek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)