Simon Kuipers wint 1000 meter

06 nov 2010 - 16:24

Simon Kuipers fan It Hearrenfean hat sneon de 1000 meter op de NK ôfstannen wûn. Hy ried 1.08.87 op it iis fan Thialf. Twad waard Stefan Groothuis (1.08.99) en tred Jan Bos (1.09.66). Sjoerd de Vries waard fyfde (1.09.89).

Hoewol't Mark Tuitert de tredde tiid hie, waard er diskwalifisearre fanwegen de Dr. Bibberregel. Yn it lêste rjochte ein meie de riders net mear oer de line komme. Ek Jacques de Koning en Remco Olde Heuvel waarden diskwalifisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)