Strange kontrôle by De Marwei

06 nov 2010 - 15:58

Finzenis De Marwei yn Ljouwert hat maatregels nommen tsjin wapen- en drugssmokkel. Mei de nije besikersromte wurdt it foar famylje en freonen fan gefangenen dreger om stikem guod mei te nimmen.

By de iepen dei fan de Marwei wiene sneon 350 belangstellenden. Sa'n 300 minsken waarden fuortstjoerd om't se har net fan te foaren oanmeld hiene. Fanwege de feilichheid mochten se net nei binnen ta. Yn De Marwei sitte 110 fertochten en 140 feroardielden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)