Tal fan himpkwekerijen oprôle

06 nov 2010 - 13:40

De plysje hat de ôfrûne dagen op ferskate plakken himpkwekerijen oprôle. Yn Makkum waard freed in kwekerij mei 500 planten yn beslach naam en ferneatige. In man (42) út Hidaard is oanhâlden.

Yn in hûs oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert binne freed trije mannen oanhâlden. Yn it hûs wie in ûntmantele kwekerij. It giet om twa Ljouwerters (34 en 39) en in Grouster (24). Earder dizze wike fûn de plysje yn in loads yn Grou in kwekerij mei 260 planten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)