Dûnsspektakel by A7

Der komt in dûnsspektakel by de iepening fan de A7 op sneon 11 desimber. It barren wurdt organisearre troch it A-team yn opdracht fan de gemeente Snits en Rykswettersteat.
It programma is noch geheim, mar wol is dúdlik dat it dûnsevenemint by it stêdhûs is en dat alle Snitsers meidwaan kinne. Freed waard foar it earst oefene yn in sporthal. De Snitsers kinne de stapkes ek thús leare fia ynternet. Der wurde 300 Snitser ferwachte by it evenemint.