Cambuur ferliest yn slotfaze

06 nov 2010 - 00:25

Sportklup Cambuur hat yn de slotfaze in punt lizze litten tsjin koprinner Volendam. Doe't Sandor van der Heide yn de 86e minút de 1-1 makke, tochten de Ljouwerters it punt binnen te hawwen. Mar fier yn blessueretiid makke Michiel Kramer dochs noch de winnende foar Volendam. Kramer hie de thúsploech foar it skoft ek al op 1-0 setten.

Nei de goal fan Van der Heide gie Cambuur op jacht nei de winst, mar dêrfoar krige it de rekken presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)