Bob de Vries kampioen 5 km

Jorrit Bergsma (foto: Sportfoto.nl)
Bob de Vries waard freed op it Nederlânsk kampioenskip yn Thialf in sterke, mar net ferwachte, kampioen op de 5000 meter. De maratonrider fan De Haule fan de BAM-ploech bleau Wouter Olde Heuvel krekt foar: 6.22,29 om 6.22,74. Olde Heuvel waard op de lêste krusing oanrekke troch Bob de Jong, dy't dêrmei diskwalifisearre waard.
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, ploechmaat fan winner De Vries, waard moai tredde. De Vries en Bergsma komme no takom wike út op de wrâldbeker.