Blessebruggeskâns wer werom

De âlde Blessebruggeskâns dy't Fryslân yn de santjinde ieuw ferdigenje moast tsjin de soldaten fan biskop Bommen Berend is werom yn it lânskip. It plak dêr't de skâns eartiids lei is yn de ôfrûne moannen argeologysk ûndersocht en mei help fan wat doe fûn is, is de skâns no wer opboud.
Troch de skâns wer sichtber te meitsjen, wolle de ynisjatyfnimmers de skiednis sels wer sichtber meitsje. De Blessebruggeskâns waard freed offisjeel iepene.