Marit Bouwmeester nominearre

Marit Bouwmeester yn har Laser
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is nominearre foar de Van Rietschoten Trofee 2010. Dy Trofee is de meast prestisjeuze sylpriis dy't der yn Nederlân is en wurdt útrikt oan dy siler of sylster dy't in opmerklike prestaasje delset hat.
Bouwmeester is nominearre yn 'e kategory ynternasjonaal en Olympysk silen. De 22-jierrige Friezinne helle dit jier in sulveren medalje op it WK Laser radialklasse. De útrikking is op 25 novimber yn Rotterdam.