Yad Vashemútrikking giet troch

05 nov 2010 - 14:55

De útrikking fan de Yad Vashem oan de âlden fan Tiny Mulder takom woansdei giet troch. Mulder soe de ûnderskieding yn ûnfangst nimme. Sy ferstoar tongersdei yn 'e âldens fan 89 jier. Tiny Mulder wurdt tiisdei te hôf brocht yn Jellum.

Har bern sille no de dei dêrnei de Yad Vashem foar harren pake en beppe yn ûntfangst nimme. Dy krije postúm de ûnderskieding omdat sy yn de oarloch in ûnderdûkster yn hûs hiene. Dat famke, Evelijn Weijn, is no 76 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)