Soad emoasjes by De Vries

05 nov 2010 - 14:44

De helte fan de wurknimmers fan it bedriuw De Vries Kozijnen op De Gordyk hat freed dien krigen. It ûntslach is it gefolch fan in reorganisaasje by memmebedriuw Doorwin Groep. De krisis yn de bouwrâld is de wichtichste oarsaak. By it bedriuw wurkje goed 260 minsken, dêrfan moatte der 130 fuort.

Freedtemoarn krigen de meiwurkers op in emosjonele gearkomste te hearren wa't bliuwe mei en wa't omsjen mei nei oar wurk. Benammen by de lêste groep kaam it nijs bysûnder hurd oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)