Dealers oanhâlden yn Oerterp

05 nov 2010 - 11:02

De plysje hat tongersdei fjouwer Friezen oanhâlden omdat se fertocht wurde fan drugshannel. It giet om in twa manlju (31 en 42) út Drachten, in man (54) út Surhústerfean en in Oerterper (36). De manlju binne oanhâlden by it hûs fan de Oerterper oan de Stûken. Buorlju fan de man klagen al in skofte dat der faak minsken by de man oer de flier kamen.

By it trochsykjen fan syn hûs fûn de plysje acht gram heroïne, in stroomstjitwapen en yllegaal fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)