Frou botst op trekker

05 nov 2010 - 10:07

In frou is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok by Jobbegea. Op de P.W. Janssenwei botste de frou frontaal op in trekker. Nei alle gedachten hat se de breedte fan de trekker ferkeard ynskat. Troch de klap bedarre de auto yn 'e sleat.

De brânwacht hat de frou út de auto helle. Se moasten dêrfoar de portieren út de auto brekke. Se is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)