Blomketerp wurdt ferkocht

05 nov 2010 - 06:43

It swimbad Blomketerp yn Frjentsjer wurdt toch ferkocht. De opposysjepartijen yn de ried fan Frjentsjerteradiel slaggen der tongersdeitejûn net yn de ferkeap tsjin te hâlden. Sluting fan it swimbad en it ôfskaffen fan it skoalswimmen meitsje in belangryk diel út fan de gemeentelike besunigings.

Mocht ferkeap lykwols net slagje, dan moat de ried beslute oft Blomketerp definityf ticht moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)