Stroomsteuring op 'e Jouwer

04 nov 2010 - 21:55

Sa'n 750 huzen op 'e Jouwer hawwe tongersdeitejûn in skoft sûnder stroom sitten. De steuring begûn om healwei achten, troch de stroom fia oare kabels te lieden hie elk om kertier oer njoggenen wer stroom.

Netwurkbehearder Liander siket freed út wat de steuring feroarsake hat. It is al wol dúdlik dat dy steuring yn in kabel sit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)