Struiproef yn Kollumerlân

04 nov 2010 - 18:32

De gemeente Kollumerlân docht in berop op de ynwenners fan Boerum en De Triemen by it struien dizze winter. Yn de twa doarpen komt as proef in ferrydbere sâltkontainer te stean. Dy kin brûkt wurdt om op plakken te struien dy't troch de gemeentlike struiweinen net meinaam wurde.

It struien moat dien wurde troch frijwilligers út it doarpit en ek it behear fan de kontener bart troch in doarpsbewenner. Nei de winter wurdt besjoen oft de oanpak wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)