Kontrakt DOK18 opsein

Dongeradiel seit per direkt it kontrakt mei teater DOK18 yn Dokkum op. De gemeente hat yn dat kontrakt regele dat der 22 teaterfoarstellingen yn it jier hâlden wurde. Eigner Oosterpoort fan it teater wegeret neffens de gemeente oan dy ferplichting te foldwaan, ek neidat der ferskate petearen oer west hawwe.
De foarstellingen dy't foar de kommende tiid pland steane, geane net troch. Minsken dy't kaartsjes hawwe krije berjocht fan de gemeente.