Personele problemen Cambuur

Mark de Vries spilet net
Cambuur kin foar de wedstriid tsjin Volendam freed gjin berop dwaan op Mark de Vries, Rudy Jansen en Reza. Dêrneist is Leon Hese noch net fit genôch om yn de basis te begjinnen. Hy sit wol op de bank. Rudy Jansen is siik en Nuelson Wau is ek noch net fit genôch foar in hiele wedstriid.
Robert van Boxel hat ek wat hinder fan in blessuere, mar hy kin nei alle gedachten wol spylje. Zdenko Kapralik spilet as ferfanger fan Hese yn it sintrum fan de ferdigening.