Sân brommerriders op 'e bon

By in brommerkontrôle op de Suderdwersfeart yn Drachten binne woansdei sân bekeurings útskreaun. Der waarden 20 brommerriders kontrolearre. By seis wie it motorfermogen te heech en ien bestjoerder hie de papieren net yn oarder.
Ien brommerrider hie krekt foar de kontrôle de ûntstekking út de motor lutsen, mar de plysje hie dat sjoen en koe dus dochs in goede mjitting dwaan. Dúdlik waard dat de bommer wol opfierd wie en dat smiet dus in bekeuring op.