Narsingh yn Jong Oranje

Luciano Narshing (foto: sc Heerenveen)
Hearrenfeanspiler Luciano Narsingh is foar it earst opnommen yn de seleksje fan Jong Oranje. Bûnscoach Cor Pot hat de 20-jierrige rjochtsbûten oproppen foar de oefenwedstriid op 17 novimber tsjin Denemarken.
Ek Bas Dost heart by de seleksje. Opfallend is dat Daryl Janmaat net selektearre is. De rjochtsback is syn basisplak by Hearrenfean kwyt en is no ek net oproppen foar Jong Oranje.