Famke út Twizel ferwûne

04 nov 2010 - 09:57

In 16-jierrich famke út Twizel is woansdeitemoarn op de Tilsterwei yn Droegeham ferwûne rekke by in oanriding. It famke ried op de brommer en in auto ried al in skoftke achter har. Doe't dy auto úteinlik dochs om har hinne gie, waard se snijd en bedarre yn de berm. Dêr foel se en kaam hurd op 'e dyk telâne.

De húsarts konstatearre letsel oan skouders en nekke. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)