Plysje fynt revolver

04 nov 2010 - 09:49

De plysje hat woansdeitemoarn yn de struken by de Wilhelminastrjitte yn Wolvegea in revolver fûn. It giet nei alle gedachten om in gas-alarmpistoal, mar wol ien dy't geskikt is om mei te driigjen.

It wapen is dan ek yn beslach nommen. De plysje besiket no te achterheljen fan wa't it wapen is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)