Plan foar dyk yn de Noardsee

04 nov 2010 - 07:25

Yn Den Haach wurdt tongersdei it nasjonale Deltakongres hâlden. Dêr wurdt praat oer it Deltaprogramma foar wetterfeiligens en dan benammen oer de finansiering fan de plannen dêrfoar.

Ien fan de sprekkers is útfiner en havenmaster Anne Hoekstra fan Hylpen. Hy komt mei it plan om in 30 meter hege dyk foar de hiele Noardseekust te bouwen mei dêrop grutte wynmûneparken en natuergebieten. De miljarden dy't dat kostje moat, lizze neffens him klear by de oaljemaatskippijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)