Harns:Tall Ships dochs wolkom

03 nov 2010 - 22:12

De gemeenteried fan Harns is woansdeitejûn dochs akkoart gien mei de komst fan de Tall Ships' Races yn 2014. De ried wie unanym foar in amendemint fan Harlinger Belang. Dêryn stiet dat de gemeente 200.000 euro beskikber stelt. De oare 200.000 euro wurdt in rinteleaze liening oan de organisaasje.

Earder wie in mearderheid fan de ried tsjin it plan, om't dat net goed genôch ûnderboud wie en der tefolle ûndúdlik wie oer de kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)