Drachtster mei 15.000 euro

In 48-jierrige frou út Drachten en in 43-jierrige man út België binne woansdeitemoarn betiid oanhâlden op de Energiewei yn it Súd-Hollânske Meerkerk. De man en frou hiene in slúf mei 15.000 euro by harren. Se waarden oanhâlden op it parkearterrein fan in weirestaurant.
Se koene gjin ferklearring jaan foar it grutte jildbedrach en wat se dêr te sykjen hiene. De man koe him ek net identifisearje. De twa sitte fêst, de auto is yn beslach naam.