Plysje siket siler Iselmar

De boat fan de fermiste siler
De plysje fan Flevolân siket op de Iselmar al twa dagen nei in fermiste siler. De man is tiisdeitemoarn út Starum fuortgien. Om trije oere middeis waard it jacht sûnder bemanning fûn by de Ketelbrêge. De siler is mooglik fan board fallen.
Tiisdei en woansdei is mei in boat en in helikopter nei de man socht. It probleem is dat de plysje net wit wêr't de man yn it wetter rekke is. It giet om in 62-jierrige man út Kampen.