Gjin restaurant yn Laaksum

Nijefurd wurket foarearst net mei oan plannen om fan de âlde fiskersloads yn de haven fan Laaksum in fiskrestaurant en besikersromte te meitsjen. De eigner fan de saneamde Hang yn Laaksum hie in sketsplan yntsjinne.
Neffens de gemeente is it plan te grutskalich en past it net by de kultuerhistoaryske wearde fan it gemeentlike monumint. It gebou stiet al in skoftke op ynstoarten. Om it te rêden, is in opknapbeurt needsaaklik.