UR akkoart mei ûntslach Rabo
De ûndernimmingsried fan de Rabobank Burgum/De Lauwers giet yn prinsipe akkoart mei it ûntslach fan guon meiwurkers. Der ferdwine 8 oant 13 arbeidsplakken. De minsken dy't dien krije, wurkje op de ôfdieling partikuliere klanten. De UR is it iens mei it sanearjen troch de direksje.
Ferline jier binne al 7 fan de 12 kantoaren sletten. Allinnich yn de gruttere plakken binne kantoaren oerbleaun, sa as Burgum, Kollum en Bûtenpost.
Trefwurden:
argyf