'Kulturele Haadstêd konkreter'

De plan fan de provinsje om Fryslân yn 2018 ta Kulturele Haadstêd kroane te litten, moat folle konkreter. Dat fynt de mearderheid fan de steaten. De provinsje moat dúdliker oanjaan wat de Friezen oan sa'n nominaasje ha sille. Wol geane de measte partijen akkoart mei it plan. Mar se fine dat der no noch tefolle jild nei organisaasjes giet en te min nei keunst en kultuer.
Deputearre Jannewietske de Vries hat de steaten woansdei tasein dat it plan konkreter wurdt.