Provinsje ferbjustere oer himp

De provinsje is ferbjustere oer de himpkwekerij dy't woansdei yn de pleats yn Feanwâlden oprôle is. Yn de pleats stiene fjouwer seekonteners mei 3000 himpplanten.
De provinsje hie de pleats twa jier lyn oankocht om de oanlis fan de Sintrale As mooglik te meitsjen. De stâl fan de pleats giet plat. Nei oanlis fan de dyk komt de pleats wer yn de ferkeap.