Proef mei iiswetter yn lieding

Vitens hat mei opsetsin iiswetter troch de liedings yn Goutum spield. It wetterbedriuw die woansdei in proef om te sjen oft sa de liedings better skjinmakke wurde kinne. It iiswetter wurket lykas in gletsjer.
It is foar it earst dat dizze metoade tapast wurdt yn Nederlân. Nei in pear minuten komt oan de ein fan de lieding in brune lading iis nei bûten ta. Dat is in goed teken neffens it Ingelske bedriuw dat de proef docht.