Oenema en Nauta ha twivels

03 nov 2010 - 15:42

De Fryske reedrydsters Thijsje Oenema en Yvonne Nauta ha noch net de topfoarm foar it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen dat freed yn iisstadion Thialf begjint. Oenema komt út op de 500 meter, Nauta rydt sneon de 3000 meter en snein de 1500 meter.

Beide froulju ride yn in nije kommersjele ploech. De 22-jierrige Oenema fan De Jouwer is lid fan team Anker. Twellingeaster Nauta, noch mar 19 jier, komt nei har Jong Oranje perioade út foar it team Hofmeier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)