Steuring yn Achtkarspelen

03 nov 2010 - 12:15

De gemeente Achtkarspelen hie woansdeitemoarn te krijen mei in grutte tillefoanstoaring. Ek it kompjûternetwurk fan de gemeente wie útfallen en dus kinne in soad meiwurkers ek net maile.

De stoaring is nei alle gedachten in neisleep fan de grutte stroomstoaring dy't tiisdei Noardeast-Fryslân troffen hat. Om in oere as ien wie de steuring ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)