Jildpine by diere-ambulânse

03 nov 2010 - 12:12

Minsken dy't sike bisten fine yn Ljouwert kinne net mear de diere-ambulânse belje. De Stichting Dierenambulance Leeuwarden moat besunigje fanwege de ekonomyske krisis. De ambulânse hellet wol slim ferwûne bisten op. Yn minder slimme gefallen freget de stichting de minsken dy't belje om de bisten sels nei de bistedokter te bringen.

De stichting wol dit jier mear jild ophelje mei in kollekte en siket ek nije stipers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)