Drachtster is sunichste rider

03 nov 2010 - 11:53

In ynwenner fan Drachten is útroppen ta sunichste autorider fan Nederlân. De Drachtster, Peter Stoelinga, die mei oan in wedstryd fan benzinemerk Total. Hy moast in skoftlang byhâlde hoefolle oft er tankte en ried.

Dat resultaat brocht him op in finaledei op it racesirkwy yn it Belgyske Zolder. Dêr moast er in tal rydfeardichheidstoetsen útfiere. Stoelinga wûn en hy mei no tsien jier lang fergees tanke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)