Risiko's Nieuw Zaailand besjen

03 nov 2010 - 11:11

De gemeenteried fan Ljouwert hat te min sicht op de risiko's dy't it projekt Nieuw Zaailand mei him meibringt. Dat stelt de rekkenkeamer nei ûndersyk. Der moat in yntegraal oersjoch komme fan de risiko's.

Der wurdt wiisd op de grutte finansjele konsekwinsjes dy't it Nieuw Zaailand hat, sawol foar ynwenners as foar ûndernimmers yn de stêd. Faak giet soks mis, mar de rekkenkeamer stelt fêst dat it projekt oer it generaal goed ferrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)