Steategearkomste op Omroplive

03 nov 2010 - 10:08

De gearkomste fan provinsjale steaten fan woansdei 3 novimber is live te folgjende op ús tema-webside Omroplive.nl. It giet om in proef. Op Omroplive.nl lit Omrop Fryslân geregeld bylden sjen fan eveneminten yn Fryslân. It is foar it earst dat de Omrop op dit plak in gearkomste fan de Steaten sjen lit.

De steaten prate woansdei ûnder oare oer de Kulturele Haadstêd, it Fryske Miljeuplan en it wetterhúshâldingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)