Plan provinsje tsjin krimp

Fryske doarpen moatte har doarpshûzen diele en de fuotbalklups fan lytsere doarpen moatte gearfoege wurde. Sa kinne foarsjenningen yn stân hâlden wurde as der hieltyd minder ynwenners binne. Dat plan hat de provinsje makke mei maatskiplike organisaasjes. It plan is woansdei presintearre.
Deputearre Konst wol foarkomme dat it plattelân krekt as yn Frankryk wurdt. Dêr binne doarpen sûnder foarsjennings hiel stil wurden sûnder foarsjennings om't de befolking fuortlutsen is.