Biblioteek Dokkum nominearre

De biblioteek yn Dokkum is nominearre foar de finale fan de ferkiezing fan Bêste Biblioteek fan Nederlân 2010. De ferkiezing is in inisjatyf fan it fakblêd Bibliotheekblad.
De biblioteken wurde beoardiele op trije kritearia. Dat binne gebou en ynrjochting, oanbod en tsjinstferliening. Saneamde mystery guests hawwe de biblioteek besocht om dy te beoardieljen. De sjeury stiet ûnder lieding fan Felix Rottenberg. De winner wurdt op 9 desimber bekendmakke.