Tylt krûdeplanten foar tee

Yn in kas by Easternijtsjerk sil eksperimentearre wurde mei de tylt fan krûdeplanten foar de produksje fan tee. De stifting Túnbouprojekt Fryslân seit dat der fanút de hoareka ferlet fan is. Dêrneist wurde proeven dien mei de kweek fan gewaaksen om de swietstof Stevia fan te meitsjen.
By it projekt sille studinten fan it AOC Friesland belutsen wurde. Ek kinne minsken dy't al lang wurkleas binne der wurkûnderfing mei opdwaan. It projekt duorret 2,5 jier.